Tytsjerk
Laden Evenementen

« Alle Evenementen

28 septimber: Klún & Knoffelhakke: Dit kin net mear

28 september @ 20:00 - 22:30

Wat?: Klún & Knoffelhakke
Wannear?: Sneon 28 septimber, 20.00 oere
Wêr?: Tydlik doarpshûs ’t Lemieren, Tytsjerk
Priis?: €10,00
Bestelle: culturelecommissietytsjerk@outlook.com

Bekend fan doarpsfeesten yn Fryslân! 

It duo Klún en Knoffelhakke bestiet út de spilers Broer Douma en Hendrik van der Heide út Hantum.Sûnt 1994 binne se op’n paad mei harren jûnsfoljende programma’s en dat slacht oan, want Klún en Knoffelhakke binne alle wiken wol earne op in poadium te finen. Sa stadichoan komt it duo troch hiel Fryslân en oeral is it fleurich en gesellich!De programma’s fan Klún en Knoffelhakke litte harren it bêste omskriuwe as typkesteater, wêryn it publyk ek net fergetten wurdt.

Klún en Knoffelhakke besykje der in sjo fol mei nuvere typkes en frjemde foarfallen fan te meitsjen. Al dy frjemde fûgels ha op ien of oare wize te krijen mei in nuveraardich ferhaal, in reade tried, dy’t Klún en Knoffelhakke altyd yn harren foarstelling besykje te stopjen.It duo hat eins mar ien doel: de minsken in noflike jûn besoargje.

Graach efkes oanmelde: culturelecommissietytsjerk@outlook.com

 

Gegevens

Datum:
28 september
Tijd:
20:00 - 22:30
Evenement Categorie:

Locatie

Schoolgebouw It Lemieren
Wylgekamp 59
Tytsjerk, Fryslân 9255 JL Nederland
+ Google Maps